Utjouwerij Regaad bringt Netflix-hit yn it Frysk, Makkumer Belboei

Utjouwerij Regaad bringt Netflix-hit yn it Frysk

Persbericht

Op freedtemiddei 13 maaie presintearret Utjouwerij Regaad syn nijste boek: Nancy Springer’s berneboek ‘Enola Holmes: De saak fan de fermiste markys’. Neist dat it boek ferneamd is troch de ûnder bern tige populêre Netflix-ferfilming, is dit foar Regaad de alderearste kear dat sy in oersetting bringe dy’t noch net yn it Nederlânsk ferskynd is.

 

De Fryske oersetting is fan Tryntsje van der Steege, de rike yllustraasjes binne fan de hân fan Nina Peckelsen. Hoewol’t de presintaasje sels yn de geast fan it boek noch mei de nedige riedsels omklaaid is, is al wol dúdlik dat belangstellenden mear as wolkom binne én it ek tige gaadlik is foar bern.

Eltsenien kin him tusken 15.45 en 16.00 melde by ‘OBE’ op it Aldehoustertsjerkhôf. Graach wol yn it foar even opjaan fia ynfo@regaad.nl.

 

 

Yn in Fryske oersetting fan Tryntsje van der Steege. Utjouwerij Regaad.Yn in Fryske oersetting fan Tryntsje van der Steege. Utjouwerij Regaad.