Makkumer Belboei 1e priis fotowedstriid Himmelaksje foar Lieke de Groot út De Lemmer

1e priis fotowedstriid Himmelaksje foar Lieke de Groot út De Lemmer

Iselmarkust foar it grutste part skjin, moandei it lêste sturtsje

Redactie Foto: Lieke de Groot

 

De winnende foto fan Lieke de Groot, de nocht fan de Himmelders spat der ôf Prachtich waar, de Himmelders kinne op en top genietsje fan har tocht lâns de Iselmar. De reis giet lâns plakken dy’t gewoanwei ferbean binne, dus der falt ûnder it opromjen troch in soad te ûntdekken.

Dielnimmers bin útnûge har moaiste foto op te stjoeren foar in priisfraach. De priis fan de faksjuery, natuerfotograaf Jan Tijsma, is fallen op de foto fan Lieke de Groot fan De Lemmer. Op de winnende foto binne learlingen fan it Zuyderzee Lyceum mei gripers dwaande it ôffal, faak plestik, út de kieren en naden fan it dykje lâns de Iselmar te heljen.

De publykspriis is fallen op de foto fan Gea van der Wal fan Aldemardum dy’t sjen lit dat elke pier meinommen wurdt.

Foto: Gea van der Wal

 

Moarns is it hiele stik fan De Lemmer oant De Hege Gerzen skjinmakke troch de mavo-boppebou fan it Zuyderzeelyceum. Middeis ha frijwilligers fan de kuststreek de strânen oant en mei Makkum ûnder hannen nommen.