Jelle Wiersma Nederlands Kampioen FRYSK!.
Jelle Wiersma Nederlands Kampioen FRYSK!, Makkumer Belboei
Jelle Wiersma Nederlânsk Kampioen FRYSK!
Jelle Wiersma Nederlands Kampioen FRYSK!
9de kear in Nederlânsk Kampioenskip FRYSK!
9e Nederlands Kampioenschap FRYSK!
Liuwe Westra, Makkum 02-01-2026
Op 30 desimber 2025 waard op Tresoar yn Ljouwert foar de 9de kear in Nederlânsk Kampioenskip FRYSK! holden.
FRYSK! is Frysk Damjen, mar dan mei 5 skiven (ynstee fan 20) foar elke spiler. It spul FRYSK! is ûntwikkele mei stipe fan de Provinsje Fryslân om it Frysk Damjen tagonklik te meitsjen foar nije spilers. Dy opset docht bliken suksesfol te wêzen: sûnt de lansearring yn 2016 is it tal wedstrydspilers fan it Frysk Damjen mear as ferdûbele, mei in protte nije spilers fan bûten Fryslân en sels bûten Europa.
regearjend kampioen Hein de Vries (l) tsjin Niek Tolsma.Op 30 desimber wiene der 13 dielnimmers dy’t strieden om de titel. Nei sân omlopen stiene Jelle Wiersma (notiids Frysk kampioen Frysk Damjen) en Marten Walinga (notiids wrâldkampioen Frysk Damjen) beide op 6 punten. Nei in spannende barraazje loek Wiersma by eintsjebeslút oan de langste ein.
It spul FRYSK! hat troch de tinne basisopstelling gjin iepeningsteory, mar winst en ferlies lizze noch altyd tige ticht byinoar. Dat die wol bliken út it feit dat bygelyks Niek Tolsma út Lollum, in dammer dy’t it spul yn ’e koroanatiid ûntdutsen hat, tsjin regearjend Nederlânsk Kampioen FRYSK! Hein de Vries kamp spylje koe. Ek fierders wiene der in protte spannende partijen en ûnferwachte útslaggen.
barraazje tusken Marten Walinga (l) en de nije kampioen Jelle WiersmaAlle útslaggen en de einstân binne te finen op ’e webside fan ’e Stifting WFD: https://www.frisiandraughts.com/2pagina/150/12/14/wcf-2026.html
Jelle Wiersma hat him mei dizze titel kwalifisearre foar it folgjende wrâldkampioenskip FRYSK!, dat spile wurde sil op 8 maart 2026 yn Frjentsjer. Oare spilers dy’t har dêr al foar kwalifisearre hawwe, binne Joseph Niyongabo út Rwanda en Pavel Noga út Tsjechië. Op 18 jannewaris 2026 wurdt der yn Itaalje om ’e nasjonale titel FRYSK! damd, en de winner dêrfan mei ek in wraam dwaan op ’e wrâldtitel.
Siward Walinga (l) tsjin de nije kampioen Jelle Wiersma
Op 30 december 2025 vond het 9e Nederlands Kampioenschap FRYSK! plaats in Tresoar in Leeuwarden.
FRYSK! is Fries dammen, maar dan met 5 schijven (in plaats van 20) per speler. Het spel FRYSK! is ontwikkeld met steun van de provincie Friesland om Fries dammen toegankelijk te maken voor nieuwe spelers. Deze aanpak is succesvol gebleken: sinds de lancering in 2016 is het aantal wedstrijdspelers van het Fries Dammen meer dan verdubbeld, met veel nieuwe spelers van buiten Friesland en zelfs buiten Europa.
Op 30 december streden 13 deelnemers om de titel. Na zeven ronden stonden Jelle Wiersma (de huidige Fries kampioen) en Marten Walinga (de huidige wereldkampioen) beiden op 6 punten. Na een spannende strijd kwam Wiersma uiteindelijk als winnaar uit de bus.
Het spel FRYSK! kent geen openingstheorie vanwege de dunne basisopstelling, maar winst en verlies liggen desondanks dicht bij elkaar. Dit bleek bijvoorbeeld uit het feit dat Niek Tolsma uit Lollum, een damspeler die het spel tijdens de coronaperiode ontdekte, remise speelde tegen de regerend Nederlands kampioen FRYSK!, Hein de Vries. Er waren dan ook veel spannende partijen en onverwachte uitslagen.
Alle uitslagen en de eindstand zijn te vinden op de website van de WFD Foundation: https://www.frisiandraughts.com/2pagina/150/12/14/wcf-2026.html
Jelle Wiersma heeft zich met deze titel gekwalificeerd voor het volgende wereldkampioenschap FRYSK!, dat op 8 maart 2026 in Franeker wordt gespeeld. Andere spelers die zich hiervoor al hebben gekwalificeerd zijn Joseph Niyongabo uit Rwanda en Pavel Noga uit Tsjechië. Op 18 januari 2026 wordt er in Italië gestreden om de nationale titel FRYSK! en ook hier maakt de winnaar kans op de wereldtitel.