Makkumer Belboei Himmelaksje Fryske Iselmarkust 15 en 18 oktober

Himmelaksje Fryske Iselmarkust 15 en 18 oktober

Hoe skjinner de Iselmar is, hoe better foar alle libben.

Persbericht

Dêrom sette de gearwurkjende partijen fan ‘Geen Zandindustrie IJsselmeer’ tegearre mei it Zuyderzee Lyceum Lemmer en oare organisaasjes yn oktoberde ‘Himmelaksje Iselmar’ op tou, it skjinmeitsjen fan de Hiele Fryske Iselmarkust.

 

We ha de Iselmarkust dizze simmer lokkigernôch mei syn allen behoarlik netsjes hâlden, mar we sette de puntsjes op de i.

Freed      15 oktober: de hiele Fryske Iselmarkust, de plakken dêr’t wij bij kinne
Moandei 18 oktober: de Mokkebank en it Aldemardumerklif

Freed 15 oktober
09.00 - 12.00 De MAVO-boppebou fan it Zuyderzee Lyceum Lemmer himmelt it hiele stik fan De Lemmer oant De Hege Gerzen.
12.00 - 12.45 Patat mei cola foar de 50 learlingen fan it Zuyderzee Lyceum. De learlingen ha foar of nei de patat, ôfhinklik fan de swierte fan har trajekt, gelegenheid it Bleatefuottepaad te rinnen.
12.30 – 12.45 Frijwilligers foar middeis druppelje binnen bij De Hege Gerzen en krije kofje.
12.45 – 13.15 Mienskiplik momint oer it belang fan de Iselmar en Natura2000 en it stokje wurdt oerdrûgen.

13.15 – 16.00 Dielnimmers himmelje it stik fan de Hege Gerzen oant en mei Makkum. It giet om de 9 strânen en hjir en dêr in stik dyk derbij. De stikken dyk dêr’t toeristen net komme binne skjin, dêr hoege wij no net hinne. It reid kinne wij no net hinne. Opjaan foar it himmeljen en/of de neisit : fia de app  fan de aksjegroep of rjochtstreeks appe (of belje) nei Baukje Miedema (0657621330)

16.00 – 18.00 Wat drinke en in flaubyt bij De Hege Gerzen, ûnderwilens om likernôch fiif oere, de foto’s fan de dielnimmers besjen en de publykspriis kieze

 

Publykspriis “Ode aan het Landschap”
Freed ûnder it himmeljen meitsje dielnimmers foto’s fan de moaiste plakken (of de nijsgjirrichste of de smoarchste of..). Om fiif oere hinne wurdt ûnder lieding fan Jan Tijsma de beste foto keazen.

Moandei 18 oktober yn it ramt fan de Gaasterlandse Natuurweek. 
09.30 – 12.15 Beach clean up Mokkebank foar dielnimmers fan 13 – 88 jier. Opjaan bij https://gaasterlandsenatuurweek.nl/activiteiten/
14.00 – 16.30 Beach clean up Oudemirdumerklif foar it hiele gesin. Opjaan bij https://gaasterlandsenatuurweek.nl/activiteiten/

Dielnimmende organisaasjes:
It Fryske Gea, Natuurmonumenten, Staatsbos, Mar en Klif, Stichting Gaasterlân Natuerlân, de IJsselmeervereniging, Bosk en Greide, Zuyderzee Lyceum, Aksjegroep Murns/Aldemardum, Rommelrinners fan De Jouwer, IVN en Vogelbescherming Nederland. Organisaasjes dy’t har noch oanslute wolle binne wolkom.