Makkumer Belboei Thúsakademy: ‘De myte foarby’ oer Eise Eisinga

Thúsakademy: ‘De myte foarby’ oer Eise Eisinga

Omrop Fryslân

De Thúsakademy organisearret yn de desimbermoanne trije kolleezjes ûnder it tema ‘De myte foarby’. Trije wittenskippers komme kolleezjes jaan oer de ferhalen achter mytes dy’t sy ûndersocht hawwe en de nije ynsichten dy’t dat opsmiten hat. Woansdei 8 desimber set Omrop Fryslân útein mei  wittenskipshistoarikus Arjen Dijkstra as sprekker, dy’t ûndersyk dien hat nei Eise Eisinga. Wat witte we no eins oer him, útsein dat er it Planetarium boud hat? 

 

Eise Eisinga: de man dy't yn alle stilte en beskiedenheid in bjusterbaarlik planetarium boude, omdat hy as iennichste net leaude yn de apokalyptyske preken fan in  dûmny dy't sûnder ferstân fan saken de ein fan de wrâld foarsei.  

 

It ferhaal fierder ûndersocht Arjen Dijkstra fernuvere him deroer dat dit bekende ferhaal nea fierder ûndersocht is. Hy dûkte deryn, pluze argiven troch, socht korrespondinsje en bewiisstikken út de 18e iuw. Dat smyt in hiel soad nije ynformaasje op, dy't de myte fan de iensume strider út Frjentsjer flink foarby giet.  

 

Fragen stelle  
Hasto in fraach oer de ynhâld fan it kolleezje, of wolst reagearje? Dat kin! Stjoer dyn fraach ûnder  it kolleezje troch nei   06 – 21 43 79 06. Dan besiket Bart Kingma, gasthear fan de jûn, antwurd te krijen op dyn fraach. 

 

Thúsakademy ‘De myte foarby’ oer Eise Eisinga is woansdei 8 desimber om 20.30 oere live op telefyzje te sjen by Omrop Fryslân.